Mei in plant yn de trein

24 mrt 2005 - 22:47

Friezen dy't freed mei de trein nei de blomkemerk yn Grins wolle, hoege allinne mar in kaartsje foar in inkelde reis te keapjen. Op fertoan fan in plant dy't op de blomkemerk kocht is, meie se fergees werom. Dat hat ferfiersbedriuw Noordned bekend makke. De aksje jildt allinne op de trajekten fan Noordned yn Fryslân en Grinslân.

It is alle jierren op Goed Freed blomkemerk yn Grins. Ferline jier kamen der 150.000 minsken op ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)