Advyskommisje FPS stapt op

© Omrop Fryslân
De eksterne advyskommisje dy't it oerbleaune bestjoer fan it Frysk Hynstestamboek advisearde, is per direkt opstapt. Yn de kommisje sieten CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma, boargemaster Cazemier fan Dongeradiel en âld-rjochter Wegener Sleeswijk. Sy fine dat har advizen net genôch resultaat opsmiten hawwe.
Der soe in ynterim besjoer komme moatte, mei minsken dy't net earder yn it bestjoer sitten hawwe.