MCL wer baktearjefrij

23 mrt 2005 - 10:42

It sikehûs MCL yn Ljouwert is op in pear plakken nei wer frij fan de baktearje ARE. Twa ferpleech-ôfdielings en de intensive care wiene besmet. It hiele wykein hawwe ploegen dwaande west om de ôfdielings skjin te krijen.

Allinnich de intensive care moat nochris goed ûnder hannen nommen wurde. De baktearje is gefaarlik foar pasjinten, want de baktearje is resistint tsjin antybiotika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)