N31 wurdt ferdûbbele

© Omrop Fryslân
De komst fan in feilige dyk tusken Harns en Surch (de N31) is wer in stap tichterby. It ûntwerp fan de dyk is ree en goedkard troch it regear yn De Haach. Tusken 1993 en 2001 ferûngelokken 18 minsken op de N31 tusken Harns en Surch en rekken 37 minsken ferwûne op de dyk.
De ferdûbeling fan de N31 moat soks yn de takomst bot beheine. It is de bedoeling dat de dyk yn 2008 klear wêze sil.