Gjin boetes foar meinimmen aaien

22 mrt 2005 - 17:44

De Fryske plysje hat oant no ta noch net ien bekeurd foar it oppakken en it meinimmen fan ljipaaien. Fierder sjocht de plysje dat der folle minder minsken op it lân binne om de aaien te sykjen.

De rjochter hat ferline wike it aaisykjen ferbean. Mar omdat lilke aaisikers ferline wike freed besletten hawwe it ferbod te negearjen en sa in proefproses út te lokjen is de plysje ekstra alert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)