Mear startende ûndernimmers

22 mrt 2005 - 14:36

Der binne dit jier folle mear startende ûndernimmers as ferline jier neffens de Keamer fan Keaphannel. Trochdat der mear startende ûndernimmers binne, komme der ek mear nije arbeidsplakken by. Ferline jier wiene dat der noch sa'n 400, no is dat al hast it dûbele.

Dat it sa goed giet, komt omdat it better giet mei de ekonomy. Minsken doare it wer oan om mei in eigen saak te begjinnen. Fryske ûndernimmers eksportearje lykwols noch net safolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)