Mear diskriminaasje op plattelân

22 mrt 2005 - 13:45

Op it Fryske plattelân nimt de yntolerânsje tsjin minsken út it bûtenlân ta. Dat konstatearret it Diskriminaasjemeldpunt Tûmba. It meldpunt hat ferline jier 33 meldings krigen fan diskriminaasje fan bûtenlanners yn Fryske doarpen. Yn 2003 wiene dat der 24.

It slimste wie it gefal fan it gesin út Feanwâlden dy't fanwege yntimidaasje nei Ingelân flechte. Tûmba is skrokken fan de tanommen yntolerânsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)