Ynbraak brânwachtkazerne

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn de brânwachtkazerne fan it Hearrenfean binne aggregaten en ketting-seagen stellen. Dat is nei alle gedachten sneintenacht gebeurd. Der binne gjin spoaren fan braak fûn.
In wurdfierder fan de brânwacht seit dat der nei oanlieding fan de ynbraak ekstra maatregelen nommen wurde. Der wurdt mear troch de plysje surveilleard en jûns en nachts sil in befeiligingsbedriuw de kazerne yn de gaten hâlde.