Ivoaren bordeelskip yn museum

© Omrop Fryslân
In seldsum Sineesk ivoaren modelskip út 1745 stiet fan moandei ôf yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. It saneamde Blommeskip wie fan Jan de With. Dizze Fryske VOC-keapman naam it skipke mei út it Sineeske Canton.
Canton wie in hannelsstêd dêr't de blommeskippen in dekmantel wienen foar driuwende bordelen. De With naam it boatsje om 1750 hinne mei nei Oentsjerk, dêr't hy yn Stania State wenne.