Van Royen nei Foreign Media

© Omrop Fryslân
Skriuwster Heleen van Royen giet nei útjouwerij Foreign Media Group yn Ljouwert. Se sil dizze hjerst har tredde boek by Foreign Media útbringe. Dit boek sil ek op cd ferskine. Van Royen hat in kontrakt foar ferskate jierren tekene.
Van Royen debutearde yn 2000 mei de bestseller 'De gelukkige huisvrouw'. Neffens Van Royen moatte je sa út en troch 'fan klub feroarje foar ynspiraasje en nije mooglikheden'.