57 fytsen út Snitser grêften

© Omrop Fryslân
Yn Snits hawwe frijwilligers dit wykein twa konteners mei ôffal sammele yn it ramt fan de Himmelwike. Der sieten 57 fytsen by, dy't út de grêften helle binne troch dûkers fan de brânwacht en de dûkklub. Fierder kamen der saken as in brievebus, drangstekken en ferkearsbuorden nei boppe.
De kommende wike sille skoalbern trochgean mei de himmelaksje.