Dales net nei earste ljipaai

21 mrt 2005 - 10:08

Boargemaster Dales fan Ljouwert jout gjin omtinken oan it earste ljipaai yn syn gemeente. Foar safier bekend waard dat earste aai snein fûn troch Jinke Kuperus út Wurdum. Se hat it aai lizze litten en der in stokje by set.

Sneon reizige kommissaris Nijpels wol ôf nei Skûlenboarch. Dêr melden twa Berltsumers as earste de fynst fan in ljipaai yn Fryslân. Ek sy lieten it aai lizze. Nijpels woe mei syn besite dêr wurdearring foar útsprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)