Frijwilligers telle moerasfûgels

21 mrt 2005 - 07:00

Fûgels as de reidsjonger, de blauboarst en de snilekrûper wurde fan 2006 ôf ekstra yn 'e gaten hâlden. Nei foarbyld fan it greidefûgelmjitnet komt der dan ek in mjitnet foar moerasfûgels. It giet om in inisjatyf fan de ôfdieling Fryslân fan Sovon Vogelonderzoek.

By in mjitnet telle frijwilligers de oantallen dy't fan in soart foarkomme. Oan de hân fan de sifers wurdt besjoen oft der ekstra maatregels nedich binne om de fûgels te beskermjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)