Fuotbalútslaggen

21 mrt 2005 - 07:00

Haadklasser De Jouwer hat sneintemiddei mei 3-0 ferlern fan WKE út Emmen. WKE stiet no op in twadde plak yn de haadklasse C, nei De Treffers. De Jouwer stiet no op in fyfde plak.

Yn de earste klasse F waarden snein trije wedstriden spile. Snits wûn mei 3-0 fan Nieuw-Buinen. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan MSC en De Westerein spile mei 1-1 gelyk tsjin Achilles '12. Snits is hurd op wei nei it kampioenskip yn de earste klasse F.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)