Priis foar moaiste fredesposter

20 mrt 2005 - 13:10

De Fryske Annagryt Rooda (12) fan Jobbegea hat in priis wûn by in fredesposterwedstriid fan de Lions Club. De wedstriid is net allinne yn Nederlân, mar rûnom yn de wrâld hâlden. Dêrfoar kamen mei-inoar mar leafst 400.000 ûntwerpen yn. Foar Nederlân lei it tal dielnimmers op 3000.

Annagryt wûn earder ek al de noardlike posterûntwerpwedstriid. Har poster foel net yn de prizen op de ynternasjonale wedstriid yn Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)