Nijpels nei earste ljipaai

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels hat yn Skûlenboarch it earste ljipaai fan Fryslân besjoen. Twa Berltsumers fûnen it dêr sneon. It giet om de earste fynst fan in ljipaai dy't yn de publisiteit brocht is. De Berltsumers hawwe it aai lizze litten, om't it meinimmen fan ljipaaien ferbean is. Se hawwe der in stokje by set, krekt as neisoargers dogge.
Nijpels fynt dat de Berltsumers harren goed oan de regels hâlde. In offisjele beleanning foar de aaisikers is der net.