Flyers gjin kampioen

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan Vadeko Flyers bin der net yn slagge kampioen fan Nederlân te wurden. De Feansters ferlearen ek de tredde wedstriid út tsjin de Amsterdam Bulldogs. De stân yn de searje fan fiif is dertroch 3-0 foar Amsterdam. En dat betsjut dat de lêste beide wedstriden net mear nedich binne.
De lêste wedstriid einige yn 6-3. De Flyers koene oant de tredde periode meikomme. Mar dêrnei lutsen de Bulldogs de wedstriid nei harren ta.