Flyers frege foar nasjonaal team

20 mrt 2005 - 08:03

Acht spilers fan iishockeyploech Vadeko Flyers fan It Hearrenfean binne frege om yn april mei te dwaan oan in kwalifikaasjetoernoai foar it nasjonaal team. It giet om twa keepers, ien ferdigener en fiif oanfallers.

Ien fan de keepers, Marcel Nijland, twifelt noch. Hy seit dat er in swier seizoen achter de rêch hat. Oanfaller Hans Kroon docht net mei om't er operearre wurde moat oan de ankel en dêrnei revalidearje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)