Mear gearwurking by rampen

19 mrt 2005 - 15:28

Fryslân krijt ien bestjoer dat ferantwurdlik wurdt by it bestriden fan rampen. Dat bestjoer bestiet út seis boargemaster en stiet ûnder lieding fan in koarpsbehearder. Op it Hearrenfean is dêr freed troch ferskate partijen oer praat, wêrûnder gemeenten, helptsjinsten en de GGD Fryslân.

De partijen wurkje no ek al gear by rampen, mar it kabinet wol dat ek de gearwurking op bestjoerlik nivo grutter wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)