Van Basten lit Yildirim falle

© Omrop Fryslân
Ugur Yildirim is net opnaam yn de definitive seleksje fan it Nederlânsk alvetal foar de wedstriid tsjin Roemenië. De 22-jierrige oanfaller fan SC Hearrenfean siet wol by de foarriedige seleksje. Mar freed is hy by de definitive kar fan bûnskoach Marco van Basten ôffallen.
Yildirim makke in pear wike lyn syn debút foar de nasjonale ploech yn 'e freonskiplike wedstryd tsjin Ingelân. Hy mocht doe ynfalle.