Huldiging foar Kramer en De Loor

19 mrt 2005 - 12:16

De wrâldkampioenen Sven Kramer en Barbara de Loor binne freedtemiddei huldige troch it gemeentebestjoer fan it Hearrenfean.

Kramer helle yn febrewaris de wrâldtitel allround by de junioren. De Loor wûn begjin dizze moanne goud op de 1000 meter. De twa reedriders út de gemeente Hearrenfean binne mei in koets nei it gemeentehûs brocht. Dêr binne se troch boargemaster De Jonge offisjeel huldige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)