Soargen oer Frysk Hynstestamboek

© Omrop Fryslân
Twa eareleden en fiif âld-bestjoerders fan organisaasjes mei konneksjes mei it Frysk Hynstestamboek meitsje harren soargen oer de ûntstiene sitewaasje by it Stamboek. Se joegen freed harren miening oer hoe't sy foar de problemen oer steane.
Koartlyn stapte hast it folsleine bestjoer op. Ien fan har wie bedrige. Fan 'e wike rôpen 70 leden âldfoarsitter Van der Meulen op him net wer ferkiesber te stellen.