Himpkwekerij Aldeboarn oprôle

19 mrt 2005 - 09:25

Oan de Jikke Benedictusstrjitte yn Aldeboarn is tongersdeitejûn in himpkwekerij oprôle. Yn in wenhûs waarden yn trije keamers 340 planten fûn. Op it stuit dat de plysje kaam, wie der net ien thús. Buertbewenners hiene de plysje op it spoar set fan de kwekerij. Dy ûndersiket de saak.

Alles is yn beslach nommen en fuorthelle troch meiwurkers fan miljeubedriuw Omrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)