Rekordpoging desibellen meitsje

18 mrt 2005 - 17:53

Sa'n 100 leden fan de Tuning Club Friesland sille op twadde peaskedei in rekordpoging dwaan om safolle mooglik leven te meitsjen. Yn de auto's fan de leden sitte swiere lûdsboksen. Troch op itselde moment hurde musyk te draaien wurdt besocht in lûdsrekord heljen. De klup is noch dwaande mei it regeljen fan in fertsjinwurdiger fan it Guinnes Book of Records.

De rekordpoging fynt plak by in autobedriuw yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)