Teksten op kartsintrum Berltsum

© Omrop Fryslân
Op de muorren fan it kartsintrum yn Berltsum binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei rasistyske teksten oanbrocht. Ek wiene der hakenkruzen op de muorren skildere.
De teksten wiene benammen rjochte tsjin Poalen dy't yn de kassen by it doarp wurkje. Oft der in relaasje is mei de searje ynbraken en fernielings yn it doarp fan de lêste tiid, is net bekend. De teksten binne yntusken fan de muorren ôfhelle.