Schulting sil nije wike prate

18 mrt 2005 - 16:27

It hat alve wike duorre, mar it sil der no dan dochs fan komme. Trainer Jan Schulting fan Cambuur sil nije wike it langferwachte petear oer syn takomst fiere mei de nije haadtrainer Roy Wesseling. Dêrmei wurdt de kâns dat Schulting ek yn it nije seizoen assistint wurdt wer wat grutter.

Schulting hat wiken wachte op in útnoeging, neidat útlekte dat Wesseling al mei Jan van Raalte yn petear wie oer de funksje fan asssistint-trainer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)