Tsien berôvings Ljouwert oplost

18 mrt 2005 - 09:55

Justysje tinkt mei de oanhâlding fan 15 benammen jonge Marokkanen in tsiental berôvings yn Ljouwert oplost te hawwen. De plysje kaam de 15 op it spoar nei it hearren fan de trije fertochten fan de moard op kafeebaas De Jong yn Ljouwert. Dy fertochten meitsje diel út fan de groep oerfallers.

De fyftjin soene begjin dit jier de berôvings dien ha. It jild dat se dêrby krigen, brûkten se om djoere oankeapen dwaan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)