Kaartsjes Cambuur online

18 mrt 2005 - 00:00

Cambuur Ljouwert is de earste betelle fuotbalorganisaasje yn Nederlân dêr't supporters kaartsjes online bestelle en betelje kinne. It giet om in pilot. Yn de takomst sil it mooglik wurde om foar alle wedstriden yn it betelle fuotbal online kaartsjes te bestellen.

De KNVB hat yn gearwurking mei Ticketbox dit projekt opstart. Cambuur is troch it fuotbalbûn benadere om oan de pilot mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)