'Haven Harns yn gefaar'

17 mrt 2005 - 14:39

De takomst fan de haven fan Harns komt yn gefaar as der in ferbod komt op de sâltwinning yn noardwest-Fryslân. Mei dy warskôging kaam boargemaster Arlman woansdei yn de ried fan Harns.

Tritich persint fan de aktiviteiten fan de haven hat ferbân mei de sâltwinning fan it Frisia-fabryk yn Harns. De riedsleden fan Harns fernimme dat der hieltyd mear wjerstân komt tsjin de sâltwinning. Arlman ropt op om de ekonomyske belangen net te ferjitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)