'Oandielen moatte mear opsmite'

17 mrt 2005 - 14:10

De provinsje Fryslân wol mear jild helje út de NUON-oandielen dy't se no yn besit hat. Dêrom wurde de oandielen ferkocht oan in saneamde houdstermaatskippij dy't folslein yn hannen is fan de provinsje.

Dy maatskippij moat mear winst út de oandielen helje. Neffens de provinsje is it rendemint no fierstente leech. De provinsje hat 12 persint fan de oandielen fan NUON. De wearde dêrfan is sa'n 1 miljard euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)