Net mear besunigje op lânbou

© Omrop Fryslân
De kwaliteit fan it Fryske lânskip komt ûnder druk te stean, as Nederlân de besunigings op de Europeeske lânboubudzjetten trochset. Dat seit foarsitter Gerard Doornbos fan boere-organisaasje LTO-Nederlân.
Neffens Doornbos ferdigenet minister Zalm fan finansjen de besuniging mei liegerij. Zalm seit dat de besuniging nedich is om't Nederlân ien fan de grutste netto-betellers oan Europa is. Doornbos seit dat dat net wier is.