'Alde Dyk Tille oanpakke'

© Omrop Fryslân
Yn Koatstertille binne der soargen oer it tanimmende frachtferkear dat nei yndustryterrein Oastkern moat. It ferkear moat oer de Alde Dyk. Dêr wurdt hurd riden en skoalbern moatte de dyk faak oerstekke.
De Tilsters wolle graach dat de Alde Dyk smeller makke wurdt. Ek soe it yndustryterrein in nije ûntslutingsdyk krije moatte. Dat die bliken op de jiergearkomste fan pleatslik belang Kootstertille.