Hockeyclub Lemmer ferhuzet

16 mrt 2005 - 23:32

Op it terrein fan it asylsikerssintrum op 'e Lemmer komme sportfjilden foar de hockeyferiening en fuotbalferiening CVVO. Dat stiet yn de sportfisy fan de gemeente Lemsterlân. In alternatyf is in hockeyfjild by it winkelsintrum yn Lemmer-noard. De kuor- en fuotballers fan Lemmer-Bentex bliuwe op sportpark Lemstervaart.

Om't de druk op dat sportpark tanommen is, moatte de hockeyferiening ferhúzje. De ried moat noch wol tastimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)