Rjochter ferbiedt aaisykjen
Aaisykjen is fan freed ôf ferbean yn Fryslân. Dat hat de rjochter yn Ljouwert woansdei bepaald. It ferbod jildt foarearst allinnich foar dit jier. De saak wie oanspand troch Faunabehear. It ferbod op aaisykjen giet freedtemoarn betiid yn. Oant en mei tongersdei meie de aaisikers noch it fjild yn. It BFVW leit him net del by it ferbod. Foarsitter Osinga wol mei de leden prate oer aksjes.