Aksjedriging by papierfabryk LPF

16 mrt 2005 - 17:36

By it Ljouwerter papierfabryk LPF-Flexibel Packaging komme mooglik aksjes. It fabryk ferhuzet ein dit jier nei Gruttegast, mar der is noch gjin goed sosjaal plan. In ûnbekend tal wurknimmers sil harren wurk kwytreitsje.

Fierders is der ek noch gjin goede reiskostefergoeding foar de meiwurkers dy't mei oer kinne nei Gruttegast. Op 22 maart prate de fakbûnen mei de direksje fan LPF.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)