Opfanghûs foar eks-finzenen

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat in opfanghûs foar eks-finzenen krije, fynt de stifting Exodus. Se moatte nei harren straf begelaat wurde nei in selsstannich bestean. Exodus hat al tsien fan datsoarte plakken yn Nederlân. Doel is om yn it Ljouwerter opfanghûs fyftjin minsken ûnder te bringen. Wêr't dat hûs komme moat, is noch ûndúdlik. Exodus praat op dit stuit mei ferskate organisaasjes oer de plannen.