Lûdsoerlêst PC-tuorren ferholpen

© Omrop Fryslân
De lûdsoerlêst fan de PC-tuorren yn Frjentsjer is woansdei ferholpen. As it hurd waaide fluiten de tuorren en dêr kamen in soad klachten oer binnen. Guon minsken koene der nachts sels net fan sliepe.
It PC-bestjoer naam de klachten sa serieus dat se de tuorren oanpast ha. De fjouwerkante roasters boppe yn de toer binne fuorthelle. Der sille no oare roasters pleatst wurde. As it goed is, fluitsje de tuorren dan net mear.