Min jier foar eigners wynturbine

© Omrop Fryslân
It jier 2004 wie net in goed wynjier. Mei oare wurden it hat net hurd genôch waaid. Eigners fan wynturbines meitsje har grutte soargen no't it al foar de fjirde kear op rige minder waait as gemiddeld. De turbines steane faker as gemiddeld stil.
Djiptepunt wie 2003 mei mei 20 prosint minder wyn as oars. Ferline jier waaide it acht prosint minder. Neffens de feriening fan wynturbine-eigners is in wynturbine noch wol rendabel.