FFU skriuwt brief oan minister

16 mrt 2005 - 13:09

De Feriening Frysk Underwiis giet troch mei de striid foar gelike rjochten foar it Frysk yn it ûnderwiis. Bern moatte no op skoalle deselde doelen foar it Frysk as it Nederlânsk helje.

Minister Van der Hoeven fan ûnderwiis wol de doelen foar it Frysk lykwols nei ûnderen bystelle. De Feriening Frysk Underwiis skriuwt yn in brief oan de minister dat se op itselde nivo bliuwe moatte. Der soe just mear kontrôle op it Frysk ûnderwiis komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)