Wetter Easterwâlde krijt romte

© Omrop Fryslân
It wetter yn it súdlik part fan Easterwâlde krijt mear romte. Dat wurdt dien om wetteroerlêst yn de wenwyk foar te kommen. It beekje het Kleindiep wurdt langer makke. Njonken de beek komme griene gebieten dy't ûnderstrûpe as der in soad reinwetter falt.
Tagelyk mei it wurk oan de wetterhûshâlding wurdt de wenwyk sels ek opknapt. Der komme mear brechjes en fan in kuierpaad wurdt in fytspaad makke. It wurk is koartlyn úteinset.