Nije startside foar Fryslân

16 mrt 2005 - 07:05

Neist alle besteande startsiden hat de provinsje in eigen startside iepene, www.friesland.nl. Dat wie ien fan de eardere nammen fan de webside fan it provinsjebestjoer. Dy is no te finen ûnder www.fryslan.nl.

De nije webside ferwiist nei 350 oare sites mei ynformaasje oer Fryslân. It giet dan om ynformaasje oer ûnderwiis, wenjen, sunens en wurkjen. Ek wurdt it Fryske nijs fan bygelyks de Omrop en de beide regionale kranten trochlinkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)