Frijspraak yn saak-Steggerda

© Omrop Fryslân
De beide Grinzers dy't derfan fertocht waarden dat se it brein wiene achter de oerfal op in bankmeiwurker yn Steggerda binne moandei troch it Gerjochtshôf yn Ljouwert frijsprutsen. De rjochtbank feroardielde se earder ta 6 jier sel.
Trije minderjierrige jonges út Assen gizelen yn desimber 2003 in meiwurker fan in bank yn Aldeberkeap. Neffens har kaam it idee fan de Grinzers. Foar it Hôf lutsen se dy ferklearring lykwols wer yn. Dat soarge foar de frijspraak.