Bölstler werom nei Dútslân

© Omrop Fryslân
Cambuurfuotballer Manuel Bölstler hat tiisdei de Ljouwerter klub ferlitten. De middenfjilder is nei twa-en-in-heal jier werom gongen nei syn bertelân Dútslân.
Bölstler wie it net iens mei it Cambuur belied oangeande syn syktekosten. Dy kosten kamen nei syn blessuere- behanneling. It kontrakt fan de fuotballer rûn nei dit seizoen ôf. Bölstler hopet yn syn eigen lân in nije klub te finen.