Woansdei útspraak aaisykjen

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert bepaalt woansdei oft der ek de kommende wiken ljipaaien socht wurde meie yn Fryslân. It giet om in útspraak yn in saak dy't de Faunabescherming en Vogelbescherming oanspand ha tsjin de provinsje.
De provinsje hat it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten tastimming jûn foar it sykjen fan ljipaaien. De beide natuerorganisaasjes binne it dêr net mei iens. De útspraak folget nei twa sittingen fan de rjochtbank oer de saak.