Plannen Mounetille oanpast

© Omrop Fryslân
It ûntwerp foar it gebouwekompleks de Mounetille yn Damwâld is oanpast nei oanlieding fan opmerkingen fan omwenjenden. Der komt in wenlaach minder en ek is der in blok fan trije apparteminten skrast.
Yn De Mounetille moatte de stichting Wolwêzen Dantumadiel, de muzykskoalle, soarchynstelling Talant, in supermerk en 22 apparteminten in plak krije. Wenningboukorporaasje Patrimonium hie de omwenjenden om in reaksje frege.