Bewenners moatte Hemrik ferlitte

15 mrt 2005 - 10:31

De bewenners fan fiif wenningen op it bedriuweterrein de Hemrik yn Ljouwert moatte foar 1 septimber harren hûs ferlitten hawwe. Neffens de gemeente stiet der yn it bestimmingsplan dat der net wenne wurde mei op it terrein. It giet om fjouwer wenningen oan de Cereswei en ien wenning oan de Vestawei.

De eigners besykje al jierren harren bedriuwswenningen te legalisearjen. De gemeente wurket dêr net oan mei en hat gelyk krigen fan de Raad van State.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)