Jong H'veen-Jong Vitesse: 1-1

15 mrt 2005 - 07:29

Jong Heerenveen hat moandei út lykspile tsjin Vitesse. It waard 1-1. Igor Glusevic skoarde yn de 36ste minút de iepeningstreffer. Yn de 83ste minút wist Thomas Prager foar SC Heerenveen in strafskop te benutten. De Feansters hiene yn de lêste minút noch de kâns op winst, mar de bal rekke de latte.

Jong Heerenveen stiet troch it lykspul tsjin Vitesse op it sande plak yn de beloftekompetysje, mei 25 punten út 17 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)