Cambuur wint fan Eindhoven

15 mrt 2005 - 00:00

Fuotbalklub Cambuur fan Ljouwert hat moandeitejûn mei 4-3 wûn fan Eindhoven. By rêst stie Cambuur noch mei 4-1 foar troch doelpunten fan Bronkhorst, Akachar en twa kear Koen Brack. Nei it skoft skoarde Van de Langenberg noch twa kear foar Eindhoven.

Cambuur hat noch alle kâns om de tredde perioade te winnen, mar de ploech fan Jan Schulting hat it net mear yn eigen hân. Heracles en Stormvogels/ Telstar binne de grutste konkurrinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)