'Iddo-collection' op De Jouwer

© Omrop Fryslân
De nije keunstgalery 'Iddo-collection' is sneon iepene oan de Torenstrjitte op De Jouwer. Dat barde yn bywêzen fan wethâlder Hemmes fan Skarsterlân. Yn de Iddo-collection binne sieraden en juwielen te sjen dy't makke binne troch Ken Lutters en Nienke van der Berg.
Se ha beide studearre oan de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten yn Antwerpen. Se besykje beide eigensinnige sieraden te meitsjen. Der wiene sawat 100 minsken by de iepening.