Oerlis Atoglas snein fierder

13 mrt 2005 - 21:59

Der is noch hieltyd gjin dúdlikens oer de takomst fan keunststoffabryk Atoglas yn Ljouwert. It oerlis fan sneon hat neat opsmiten en giet snein wer fierder. De gearkomste mei de wurknimmers sneon is dêrom ôfsein.

It is de bedoeling dat de stakers sneintemiddei byinoar komme yn aksjesintrum Tivoli yn Ljouwert. Oer de ynhâld fan de gesprekken mei de direksje fan Atoglas wolle de fakbûnen noch hieltyd neat loslitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)